The Mudcat Café TM
Thread #126264   Message #2804144
Posted By: GUEST,Peter Laban
05-Jan-10 - 02:00 PM
Thread Name: Twa Corbies in Friesian
Subject: RE: Twa Corbies in Friesian
Google turns up this:

De twa roeken

wylst ik allinne gyng myn paad
heard' ik twa roeken oan 'e praat
de iene tsjin de oare sei:
wêr helje wy ús miel hjoed wei?
wêr helje wy ús miel hjoed wei?

dêr oan 'e griene dyk yn't gea
dêr leit sûnt koart in ridder dea
en nimmen wit dat hy dêr leit
inkeld syn houk, syn hûn, syn breid
inkeld syn houk, syn hûn, syn breid

syn houk fangt fûgels as syn bút
syn hûn is om de hazzen út
syn breid hat immen oars ta diel
sa ha wy jûn in skoander miel
sa ha wy jûn in skoander miel

syn wite hals is dy ta bút
ik pik syn blauwe eagen út
in lokke fan syn gouden hier
is foar ús nêst in tek en sier
is foar ús nêst in tek en sier

om him lit mannich minsk' in trien
mar wêr't er is, dat wit gjinien
syn blanke bonken, bleat en njoer
dêr waait de wyn foar ivich oer
dêr waait de wyn foar ivich oer